Interactie kan door het sturen van e-mail naar: jolmerwinkel@gmail.com of mij te gaan volgen op Twitter of vrienden te worden op Facebook.

woensdag 11 augustus 2010

Praat Mar Frysk




Sjochste... dit is no in aardichheidsje. In filmke op YouTube mei in âld-kollega fan my. Tamme Oosterhof is tsjinwurdich sakenman en de driuwende kreft efter Big Bad Wolf Records. De wâldpyk wennet no yn'e grutte sted Ljouwert.  En hy docht ek mei yn'e striid om it frysk te behâlden. Want litte we earlik bliuwe minsken... frysk prate yn Fryslân sprekt net altyd mear fansels.

It kin barre ast bygelyks yn Drachten of Ljouwert wat yn in winkel fregest dat it famke by de kassa seit: “Wat zegt u meneer?” Dat silst fan dit mântsje net te hearen krije ast by it keapjen fan in CD fregest: "Is dit no ek swier metaal wer't ik âlderwetsk op hollebatse kin?"

Geen opmerkingen:

Een reactie posten